it Mienskar - Buorren 27 Oosterbierum - Telefoon: 0518-481956

'En ik dan', foarstelling fan Pier 21, 12 december 2025

It Fryske teaterselskip Pier21 bringt op ’e nij in yndrukwekkende foarstelling oer in wichtich maatskiplik tema.
'En ik dan?' is in muzykteäterfoarstelling mei Hiske Oosterwijk, Lourens van den Akker en Jochem le Cointre. In yngripend toanielstik oer mantelsoarch dat út en troch wol in teaterkonsert liket.

Komposysjes fan Hiske Oosterwijk, rezjy fan Jos Thie en tekst fan Bouke Oldenhof (Feteranen, Avond, Bijke). Dizze foarstelling is yn it Frysk. 

 

Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om't broer Roel alle omtinken fan har heit en mem frege. No't har âlden ferstoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as traumaferpleechkundige en yn har relaasje mei Herman nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as Herman út tankberens wat foar har weromdocht, is Floor dermei oan as sy sels yn it middelpunt set wurdt. Is har soarch foar oaren ta skea gien fan harsels?

Kaarten á €25,50 verkrijgbaar via:
Pier21 
of reserveren bij It Mienskar 0518481956

Klik hier voor het fotoalbum